It Doarp
 

Piter de Jong en Griet de Jong Haitsma Beantsje Fan It Jier 2003

Koudum, 30 april 2003

Eins hiene se it net yn e holle om nei de seiskamp ta, it wie dat Griet har suster Sike der sa'n sin oan hie oars wiene se thús bleaun. Pieter krigen se mei gjin stok fan e bank, "no miskien dat ik oan e ein fan de joen wol eefkes om in Pilske kom" der koene se it mei dwaan. Doe't er om in oere as tsien noch net yn e sporthal wie begûn it al wat te knipen, dat doe ha se him mar belle dat it wikseljild op wie.

 

It wie foar de sjuery gjin drege kar dizze kear. Fierwei it grutste oantal stimmen wie foar Pieter en Griet. Foaral de wize wêrop sy har wurk foar de Klink en de Sandobbe al dy jierren dien ha wie in bulte wurdearring foar. De soarch en it meitinken, de leafde en de fleur der draaide it om neffens de teksten op de stimbiljetten. It lûde applaus en it út folle boarst meisjongen fan it beantsjeliet troch it publyk joech ek oan dat Piter en Griet thúshearre yn e rige fan Beantsjes Fan It Jier. Se wiene beide tige wiis mei dizze "fear yn e k..." mar lykwols fernuvere it Griet en it kaam harren oer it mad fansels. Yn har bedankje sei se dat se net tocht hie dat je troch jo wurk Beantsje Fan It Jier wurde koene. Soks is fansels tagelyk in komplimint oan it Klink bestjoer dy't it mooglik makke hat dat beide har op dizze wize ûntploaie koene.

 

It Beantsjeliet

Bean, bean, fan it jier! (2x)

't beantsje is der ta behâld

Fan't doarpsfertier; foar jong en âld

 Wy wurd dus allegearre blier

 Fan bean fan it jier.

Wer wiene wy sûnder Piter en Gryt

 Der is gjinien dy't dat krekt wyt

 Mei har derby, soks is wol wis

 Dan giet hjir net fan alles mis

Hja seure nea en wrotte flink

Foar Dobbe en Klink

In mem en gastfrou tagelyk

 Is Gryt foar jong en âld publyk

 De popjûnen rinne perfekt

 Sels de Bakhústers ha respekt

 Fan mannekoar oant faarbewiis

 Mei Gryt bin se wiis.

Piter betrapest net op stress

 Mar hy is altiid by de les

 Giet om mei 't ark as wie 't syn frou

 Skoddet oplossings út e mouw

 Giet stil syn gong en tinkt yn 't foar

 Hâld ús yn it spoar

Se binne beide o sa presys

 It komt wol klear is har devys

 Se stelle ús net graach teloar

 En ha de saakjes foar elkoar

 Dat alles yn in goed humeur,

 mei leafde en fleur.