It Doarp
 

1989 Petrus de Lange en Willem de Hoop

"Willem en Pé" wienen de earste Koudumers dy't de earetitel Beantsje fan it Jier opspjilde krigen hawwe. Dit wie in spontane aksje fan buertferiening "Station de Zwarte Haan", op in doarpsjûn ta gelegenheit fan Keninginnedei. Willem en Pé binne huldige foar harren ynset as "regelateurs" by de jierlikse optocht yn de feestwike.

1990 Piebe de Vlugt

It jier derop hat Station de Zwarte Haan, no op fersyk fan it bestjoer fan Doarpsbelang, de útrikking opnij regele. Doarpsbelang keas Piebe de Vlugt as Beantsje fan it jier 1990. Túnkerssoan Piebe de Vlugt wie in bysûndere man. Hij wurke op it gemeentehús fan H.O. as haad fan de ôfdieling sosjale saken. By it rekkenjen hie er gjin ferlet fan in ?zakjapanner?, want dat die er flugger út de kop. Yn syn frije tiid hat er him altiid foar oare minsken ynsetten en foar de tsjerke en tal fan ferieningen en inisjativen yn it doarp. Hy wie in foaroansteand muzikant op syn sopraan saksofoan en hat jierren foarsitter west fan it muzykkorps Nij Libben. Dat yn dy tiid mei de oare Piebe (Bakker) op de bok, grutte triomfen helle. Piebe de Vlugt hie de gave dat er alles wat er hearde fuort spylje koe. It koe sa moeilik net wêze as hy spile it op it earste gesicht en sûnder fouten. Hy sette ek wol muzyk oer en makke arranzjeminten foar it korps. Hy wie ien fan de gongmakkers yn de kommisje dy?t der foar soarge hat dat De Klink der kommen is en wie dernei jierrenlang bestjoerslid fan de stichting Gemeenschapscentrum De Klink. Blaasmuzyk kaam ek yn dy funksje nei foarren, yn de foarm fan konserten fan meastal ferneamde Ingelske brassbands dy?t hy nei De Klink helle foar in konsert.
 

1991 Jannie Faber

It tredde, eins fjirde, Beantsje fan it Jier wie Jannie Faber. Sy waard yn 1991 beneamd nei de earste offisjele ferkiezing troch de ynwenners. Doarpsbelang liet de stimbiljetten doar oan doar besoargje mar hie gjin fierdere bemuoienis. De redaksje fan Bulte Nijs foarme de jury. Sa is it dernei oant no ta altiid gien. Janny Faber gie yn dy jierren omtrint elke dei, yn waar en wyn, in flinke bocht om mei har buorfrou Tjerkje van der Wal, dy?t yn in karke siet. De hûn makke it fleurige stel kompleet, mei in reade bûsdoek om de nekke.

1992 Gerrit Folkertsma, Jan Hoekstra en Ulbe Postma.

Alle trije hawwe as persoan yn it belang fan Koudum wol it ien en oar út de wei setten. De reden dat se as trijetal beneamd binne ta Beantsjes fan it Jier 1992, hat te krijen mei harren ynset as fûnsewinners foar it muzykkorps Nij Libben. Sy fûnen fan alles út om oan jild te kommen. Op de simmermerken mei in kream mei lotten en spultsjes wienen se mar min foarby te kommen sûnder de beurs te lûken. Sels toeristen waarden oansprutsen om mei te dwaen. Nij libben hie dertroch romte om te ynvestearjen yn unifoarmen en ynstruminten.

http://issuu.com/iwkoudum/docs/bulte-nijs-69-1996-5

1993 Durk Bloem

Bloem hat ûnder oaren wit hoe lang de driuwende kracht west achter de aldereinsoos. Hy die dit as frijwilliger, dy?t net ta de doelgroep hearde doe.

1994 Janny Vonk

Har grutte ynset en belutsenheid as sekretaris fan it stichtingsbestjoer fan de Klink hat Janny Vonk de beneaming ta Beantsje fan it Jier 1994 oplevere.

1995 Hennie Sinnema

Frou Sinnema hie neist har drokke bestean as eigener fan in kapsalon, dy?t alle jierren de doar ticht hie as Sinterklaas yn Koudum oankomme soe, grutte belutsenheid by it wolwezen fan de minsken. Sy sette har yn foar de EHBO en it Reade Krús.
http://issuu.com/iwkoudum/docs/bulte-nijs-59-1995-5

1996 Klaas de Vries

Bakker Klaas de Vries wie in man fan tradysje. De lange en freonlike Klaas sútele noch mei bôle yn de útbuorren fan Koudum, doe?t de grienteboer en de brijkarre al fan it toaniel ferdwûn wiene. Derneist hat er it grutste part fan syn lange libben op de bugel blaast by Nij Libben, dat sels in spesjaal stik foar him songen en spyle hat by syn ôfskied. 'De Bugel fan Klaas de Vries', nei 'De Bugel fan Looft den Heer' fan Rients Gratama.
http://issuu.com/iwkoudum/docs/bulte-nijs-69-1996-5

1997 Rinnie en Ali Schreur

Dit echtpear hat jierrenlang yn alderhande opsicht grutte ynset toant foar S.C Oeverzwaluwen. Fan it kalkjen fan de linen op it fuotbalfjild ta it fol skriuwen en útjaan fan it klupblêd.
http://issuu.com/iwkoudum/docs/bulte-nijs-79-1997-5

1998 Teuni Venema

Mei it enthousiasme dat har eigen is hat Teuni tal fan ferieningen tsjinne. Grutte wurdearring wie der foar har wurk foar de plattelandsvrouwen.
http://issuu.com/iwkoudum/docs/bulte-nijs-89-1998-5

1999 Douwe Smits

By Vetzavot, it veteranen zaalvoetbalteam, wurdt der noch geregeld oer praten: de smeuiige taspraken fan Douwe Smits. Hy hat grif it grutste part fan syn libben fuotballe en siet er yn ien as oar bestjoer fan S.V. Oeverzwaluwen. Derneist wie er mear as 40 jier aktyf foar it Rode Kruis.
http://issuu.com/iwkoudum/docs/bulte-nijs-99-1999-5