Beantsjes a la Bordelaise

Foar 2 man:

  • 1 pûn beantsjes
  • 1 dl rjemme
  • 2 aaidjerren
  • 1 ytleppel reade-wyn-jittik
  • Sâlt en piper
  • 1 teantsje knyflok
  • Bûter
  • Peterseelje


Beantsjes 10 minuten siere, dan dreagje en goed útlekke litte.
Aaidjerren mei de rjemme losklopje.
Reade-wyn-jittik, sâlt en net te min piper derby.
Yn in pankoekspanne de snippere knyflok súntsjes brún bakke en dan de beantsjes derby.
As it goed omskept is it rjemmemingsel tafoegje.
Trochskeppen bliuwe oant it mingsel egaal en moai bûn is.
No kin de grof snijde peterseelje dertroch.

Beppe's Beantsjes

Foar 2 man:

  • 500 g. Koudumer beantsjes
  • 4 tomaten
  • 2 sipeltsjes
  • piper en sâlt.

Beantsjes 10 minuten siede yn net te folle wetter.

Bak de sipeltsjes en doch de tomaten der yn stikjes by en dernei de beantsjes. Lit de boel 10 minuten soarje.

Buorfrous Beantsjes

Foar 2 man:

  • 1 sekje jirpel skyfkes.
  • 500 g. Koudumer Beantsjes.
  • 1 Uns droech spek yn plakjes.
  • 1 bakje farske rjemmetsiis.
  • Knyflok
  • Bûljonblokje

De beantsjes siere yn bûljon. De jirpelskyfkes kin it best yn e magnetron sean wurde. Boskjes meitsje fan de beantsjes en dy oprolje yn de spekplakjes. De geare jirpelskyfkes komme ûnderyn in ovenskaal. Der boppe-op de beantsjeboskjes en dan struie jo der wat parste knyflok tusken en as leste smarre jo de tsiis deroer. 20 minuten yn e oven. Klear.

Balkan Beantsjes

Foar 2 man:

  • 500 g. Koudumer Beantsjes.
  • 1 lepfol blom.
  • 2 dl. soere rjemme.
  • 1 lepfol oalje.
  • 1 sipeltsje.
  • 1/2 lepfol paprika poeier.

Beantsjes yn stikjes snije, gearsiede mei sâlt. Sipeltsje bakke mei de paprika poeier, dan de rjemme der by en dernei de beantsjes en de boel trochriere. Klear.

Bali Beantsjes

Foar 2 man:

  • 350 g Koudumer Beantsjes
  • 200 g hinnefleis
  • Rys.
  • 1 blikje bamboe leaten.
  • 1 sipel.
  • Stikje santen.
  • In pûdsje Sambal goreng.
  • Teeleppel laos
  • Teeleppel ketoembar
  • 1 komkommer

De rys siede neffens de oanwizings op it pak, de beantsjes moatte in ketier sean wurde. It hinnefleis yn lytse stikjes snije en lekker brún bakke yn boerebûter, dan de snijde sipel derby. As de sipel wat spekkich begjint te wurden de beantsjes derby en de bamboe leaten, de kruden en in bytsje wetter. De brot 10 minuten soarje. Klear. De komkommer is bedoeld as bygerjocht.