It Doarp
In tsjoendersdrankje?

De Skiednis fan "Oer de Wjuk" giet werom nei de Revu fan Simmer 2000 yn Koudum. Kroechbaas ?Lytse Wiske? wie de brouwer fan dit Koudumer Beantsje Elikser dat betiden de eigenskippen fan in tsjoendersdrank hie. Hy krige tal fan pommeranten op besite dy?t him it resept ûntfotselje woene. Ta gelegenheid fan de earste Koudumer beantsjedei yn 2005 is in party Oer de Wjuk makke by ?Weduwe Joustra? yn Snits en dat wie sa?n sukses dat yn 2006 in nije party makke is. Oer de Wjuk is no alle dagen te keap yn de sliterijen fan Poiesz yn Koudum en Warkum en by ?Weduwe Joustra? yn Snits.
De opbringst fan Oer de Wjuk giet nei ?Vendu Tivoli?, in wurkgroep fan Doarpsbelangen dy?t krewearret foar it behâld fan it Koudumer beantsje.





