Koudum
Dammenseweg

Ooievaarsnest (2005)

Earrebarre kin yn Koudum wer te plak
Begjin april 2005 lutsen der fjouwer, noch dakleaze, earrebarren (ooievaar) oer ús doarp op syk nei wenplak. Jammer genôch krekt wat te betiid, want op 9 april is der in nij earrebarrenest oprjochte troch de Fûgelwacht Koudum ? Hemelum. Ein 2003 is it âlde nêst nei ûnderen helle want de houten peal wie ferrotte. De situaasje wie net mear fertroud foar minske en earrebarre. Omdat Koudum sûnder earrebarrenêst dochs wol wat keal oandocht, wie de Fûgelwacht fuort fan plan om in nij nêst oerein te setten. Troch eigen ûndersyk en yn oerlis mei Staatsbosbeheer en ferskate fûgelkundigen is úteinlik dochs wer keazen foar it âlde stee, by it Jeep Tuinmanpaad op It Wêste. It plak is pûr geskikt fanwege goede oanfleanrûtes en rom útsjoch nei de greiden rûnom Koudum. Dêrneist is it nêst ek goed te sjen fanút it doarp en folkstúntsjes en kinne de sneinske kuierders yn?e takomst lâns dizze route genietsje fan de nije bewenners. Dit kear is der keazen foar in stielen konstruksje; in lantearnpeal, dy?t earder syn ljocht skine liet yn Skearnegoutum, waard troch Bauke de Jong opskarrele. Tinus de Jong hat, tige saakkundig, in knap nêst yn elkoar laske, dat op?e peal setten wurde koe. In earrebarre wol it leafste sels syn eigen nêst bouwe en dêrom binne der allinne om it bist entûsjast te krijen in pear tûken as begjin yn?t nêstframe flechtte. Mei help fan Hindrik Wiersma en knap ark fan Gert Zwerver is de peal to plak brocht en oerein setten troch Doede de Boer, Hielke Sietsma, Piet Venema en ûnderskreaune.
Libbe Zijlstra

